In kres,[1][2] kresj[3] of bernedeiferbliuw[4] (Nederlânsk: crèche of kinderdagverblijf) is in foarm fan berne-opfang dêr't jonge bern opfongen wurde wylst de âlden (of oare wetlike fâden) oan it wurk binne of nei skoalle geane. Dizze foarm fan opfang kin foar de hiele wurkdei of foar de heale dei jilde. Der besteane iepenbiere en partikuliere kressen yn Nederlân. De bern dy't dêr hinne geane, binne poppen en pjutten oant fjouwer jier. Aldere bern geane nei de basisskoalle, wêrfan't de earste beide jierren ynhâldlik oerienkomme mei de âlde beukerskoalle, dy't yn 1985 ôfskaft is. It is wenst dat der by in kres twa liedsters op maksimaal fjirtjin pjutten of twa liedsters of njoggen poppen wurkje.
Der besteane yn Nederlân likernôch 4.400 legale kressen, dy't by de gemeente as sadanich registrearre binne en ûnder in beskaat tafersjoch steane fan 'e gemeentlike sûnenstsjinst (GGD) en oare oerheidsynstânsjes. De wetlike easken dêr't in kres oan foldwaan moat, binne yn Nederlân lykwols yn 2005 loslitten, en gemeenten hawwe sadwaande gjin foech mear om 'e kressen te toetsen op kwaliteitskritearia. De registraasje is wol ferplichte, en is regele ûnder kêst 46 fan 'e Wet op de Berne-opfang. Yn it register moat it adres, de bedriuwsnamme en de ekspoitaasjedatum fermelden wurde. De âlden en/of fâden fan 'e bern binne by it útsykjen fan in kres lykwols sels ferantwurdlik foar it kontrolearjen fan 'e gaadlikens fan 'e oangeande kres.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |