Symbelinus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Cymbeline | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | <1611 | |
1e publikaasje | 1623, Londen | |
1e opfiering | 1611 | |
bondel | First Folio | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Cymbeline | |
publikaasje | 1976, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Symbelinus, yn it oarspronklike Ingelsk: Cymbeline (útspr: /ˈsɪmbɨli:n/; folút eins: The Tragedy of Cymbeline en ek wol bekend as Cymbeline, King of Britain), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is basearre op 'e leginden oer Kunobelinus, in iere Keltyske kening fan Brittanje, en hat benammentlik oergeunst en ûnskuld ta tema, krekt as Otello en It Winterjûnsteltsje. Hoewol't de gesachhawwende First Folio, út 1623, it klassifisearre as in trageedzje, is men tsjintwurdich eins fan tinken dat Symbelinus mear de eigenskippen fan in komeedzje hat. It is noch altiten net dúdlik wannear't it stik krekt skreaun is, al datearret de ierst bekende opfiering fan 1611. It waard foar it earst útjûn yn 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.