1940-er jierren | ||
D-Day: Britske troepen lânje op 'e kust fan Normanje. | ||
<< 1930-er jrn • 1940-er jrn • 1950-er jrn >> | ||
1940 • 1941 • 1942 • 1943 • 1944 1945 • 1946 • 1947 • 1948 • 1949 |
De 1940-er jierren, ek oantsjut as de fjirtiger jierren en de jierren ’40, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1941 en duorre it oant en mei 31 desimber 1950, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1940 oant en mei 31 desimber 1949. De earste helte fan dit desennium waard dominearre troch de Twadde Wrâldoarloch, wêryn't nazy-Dútslân, Japan en harren bûnsgenoaten út wiene op wrâldhearskippij. Nei fiif jier oarloch wisten de Alliëarden, ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten en de Sovjet-Uny, de Dútsers en Japanners einlings te ferslaan. Neitiid ûntstie der in nij wrâldomfiemjend konflikt doe't de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny deilis rekken yn 'e saneamde Kâlde Oarloch, dy't mear as fjirtich jier duorje soe. Underwilens wie benammen Jeropa troch de ferwuostgings yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn in ekonomyske krisis stoart. Yn 'e twadde helte fan 'e fjirtiger jierren waard in begjin makke mei de weropbou, dy't ek yn 'e 1950-er jierren noch hast tsien jier trochgean soe. Oare wichtige ûntwikkelings yn 'e 1940-er jierren wiene de ferbettering fan ynternasjonale gearwurking troch de oprjochting fan 'e Feriene Naasjes, de dekolonisaasje fan dielen fan Aazje en it begjin fan it konflikt tusken Israel en de Arabieren yn it Midden-Easten.