Greve Adolf fan Nassau (Dillenburg, 11 july 1540 – Heiligerlee, 23 maaie 1568) wie de fjirde soan fan Willem de Rike en Juliana fan Stolbergen de op ien nei jongste broer fan Willem fan Oranje (Willem de Swijer).
Adolf studearre yn Wittenberg. Hy fjochte yn 1566 tsjin de Turken dy't hieltiid fierder Europa ynkrongen. Yn 1568, doe't syn broer Willem de Swijer de wapens opnaam tsjin Filips II, stride er oan dy syn side yn Brabân. Dêrnei gie Adolf yn it leger fan syn oare broer Loadewyk mei nei 't noarden fan de Nederlannen, dêr't er by Heiligerlee sneuvele. De Spaanske troepen waarden by Heiligerlee oanfierd fan Jan fan Ligne. De Slach by Heiligerlee waard wol troch de troepen fan Willem fan Oranje wûn, mar Alva wist it effekt dêrfan teneat te dwaan troch 5 juny 1568 de greven Egmont en Horne yn Brussel te ûnthalzgjen.