In akteur of aktrise is immen dy’t in personaazje útbyldet yn in ferhaal of in rollespul.
In akteur kin syn wurk dwaan yn in toanielfoarstelling, in film, op telefyzje, as treningsakteur en tal fan oare saken. Ek kin it allinnich gean om de stim, bygelyks foar tekenteltsjes en reklames. Sûnt de lêste jierren wurde guon personaazjes ek yn fideospultsjes útbylde. Al dy ferskate saken freegje in eigen technyk yn it aktearwurk.
Der kin ûnderskied makke wurde yn it soart rolle dat ien spilet. Sa beskikke minsken as Sylvester Stallone en Arnold Schwarzenegger dúdlik oer oare kwaliteiten as bygelyks in Robin Williams of Dustin Hoffman. In bepaald slach akteur past mear yn in komeedzje, in oar yn in romantyske film en wer in oar yn in aksjefilm.
Foar it spyljen yn sjongspul en opera’s wurdt ek noch fan minsken easke dat se sjonge kinne.