Steat Alaska State of Alaska | |
---|---|
flagge | wapen |
North to the Future (Ingelsk, "Noardoan nei de Takomst") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | AK |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1959) |
haadstêd | Juneau |
grutste stêd | Anchorage |
offisjele taal | Ingelsk en 20 lânseigen talen (sjoch § Taal) |
sifers | |
ynwennertal | 736.732 (2014) |
befolkingstichtens | 0,5 / km² |
oerflak | 1.717.856 km² (13,8% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Last Frontier |
tiidsône | UTC –9 (east fan 169°30′) UTC –10 (west fan 169°30′) |
simmertiid | UTC –8 (east fan 169°30′) UTC –9 (west fan 169°30′) |
webside | www.alaska.gov |
Alaska (Ingelsk: Alaska; útspr.: [ə'læskə], likernôch "uh-lês-kuh", beharkje; Aleoetysk: Alax̂sxax̂; Alutiik: Alas’kaaq; Injûpiat: Alaasikaq; Tlingit: Anáaski), offisjeel de Steat Alaska (Ingelsk: State of Alaska), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Alaska, byneamd de Last Frontier, leit los fan 'e legere 48 steaten yn it uterste noardeasten fan it Noardamerikaanske kontinint, ynklamme tusken Kanada en de Beringsee. De haadstêd is Juneau, mar de grutste stêd is Anchorage. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 737.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 48e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Alaska mei hast 1.718.000 km² fierwei de grutste steat. Alaska stiet bekend om syn ierdoalje, fiskerij en ûnoantaaste natoer.