Aldingelsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Angelsaksysk | |
taalgebiet | Ingelân, súdlik Skotlân | |
skrift | Latynske alfabet, runen | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Angelsaksysk ● Ingelsk ● Aldingelsk | |
dialekten | Kentysk, Mersiaansk, Noardumbrysk, Westsaksysk | |
skaaimerken | ||
tiidrek | 550 – 1066 | |
ûntstien út | Noardwestgermaansk | |
ûntjûn ta | Midingelsk | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | ang | |
ISO 639-3 | ang |
It Aldingelsk (Ingelsk: Old English; Aldingelsk: Ænglisc) of Angelsaksysk (Ingelsk: Anglo-Saxon) wie it Ingelsk sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by 550 en 1066 sprutsen waard yn wat no Ingelân en súdlik Skotlân is. Yn dat tiidrek ûntstie it Ingelsk út 'e Germaanske stamtalen fan 'e mannemacht nei de Britske Eilannen ferfearne Angelen en Saksen. Yn 't earstoan wiene der fjouwer dialekten te ûnderskieden, dy't oerlevere binne fan 'e achtste iuw ôf. Fan dyselde tiid ôf ûndergie it Aldingelsk in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk. Mei dêrtroch waard yn it Aldingelsk in ferienfâldiging trochfierd dy't bestie út it ferlies of de ôfswakking fan namfallen en oare grammatikale ferbûgings. It Aldingelske tiidrek einige abrupt mei de Normandyske Ynvaazje fan 1066, dy't beskôge wurdt as it begjin fan 'e Midingelske perioade.