Apollo Ἀπόλλων (Apollōn) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bynamme | Hear fan de Sulverne Bôge | |
religy | Gryksk heidendom Romeinsk heidendom Etruskysk heidendom Keltysk heidendom | |
domein | muzyk, poëzij, keunst, wittenskip, orakels, bôgesjitten, genêskunde, sykte, de sinne en it ljocht | |
wente | de Olympus | |
famyljerelaasjes en oare besibskip | ||
oarehelte | gjint | |
heit | Seus | |
mem | Leto | |
suster | Artemis | |
soan | Asklepius, Aristeus, Orfeus, Troilus e.o. | |
dochter | de jongere muzen e.o. | |
attributen | ||
foarwerp | liere, lauwerkrâns, pylk-en-bôge | |
plant | palmbeam | |
bist | dolfyn, raven, wolf, ree, swan e.o. |
Apollo (Attysk Aldgryksk: Ἀπόλλων, Apollōn, útspr.: [Apɔllɔ:n], likernôch "Apollôn"; Latyn: Apollo) is yn 'e Grykske en Romeinske mytology de god fan 'e muzyk, de poëzij, keunst en wittenskip, orakels, it bôgesjitten, de genêskunde, sykten, kolonisaasje, de sinne en it ljocht. Yn 'e Grykske myten wurdt er foarsteld as de soan fan 'e oppergod Seus en de titaanske goadinne Leto, en de twillingbroer fan Artemis, de goadinne fan 'e jacht. Neitiid waard er fia de Grykske koloanjes dêre nei Itaalje ferspraat, mei as gefolch dat er opnommen waard yn it Romeinske panteön. Fia de Romeinen waard syn ferearing neitiid wer oernommen troch de Etrusken (dy't him Apulu neamden) en in grut diel fan 'e Kelten op it Jeropeeske fêstelân.