Arapaho (taal)

Arapaho
algemien
oare namme(n) Arapahoe
eigen namme Hinóno’eitíít
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers 250 (2008)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
      ● Flakte-Algonkwynsk
         ● Arapahoosk
            ● Arapaho-Atsina
               ● Arapaho
dialekten Noardlik Arapaho; Súdlik
Arapaho
; (?) Besawûnena
taalkoades
ISO 639-2 arp
ISO 639-3 arp

It Arapaho (Ingelsk: Arapaho of Arapahoe, útspr.: [æ'ɹæpǝho:u]; Arapaho: Hinóno’eitíít, útspr.: [hɪnonoʔeitɪ:t]) is de lânseigen taal fan 'e Arapaho, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It wurdt noch sprutsen yn 'e Amerikaanske steaten Wyoming en Oklahoma, mar it hat nearne offisjele status, noch genietet it erkenning. Hoewol't it mei it Arapaho sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw slim yn it neigean rekke is, en der noch mar sa'n 250 memmetaalsprekkers oer binne, hat in yngeand ûnderwiisprojekt der sûnt 1993 foar soarge dat de taal yn 2007 troch sa'n 1.000 jonge Arapaho as twadde taal sprutsen waard.


Developed by StudentB