In astronoom, as stjerrekundige, is in wittenskipper dy't him dwaande hâldt mei astronomy. Sy observearje astronomyske objekten lykas stjerren, planeten, moannen, kometen en stjerrestelsels - sawol troch it analisearjen fan waarnimmings as troch de teoretyske stjerrekunde. Foarbylden fan ûnderwerpen of fakgebieten dy't astronomen bestudearje binne de planetêre wittenskip, de astronomy fan 'e sinne, de oarsprong en ûntjouwing fan stjerren of de foarming fan stjerrestelsels. Besibbe, mar wol in aparte wittenskip, is de fysyske kosmology, dy't it hielal as gehiel bestudearret.