Atapaskyske talen

Atapaskyske talen
algemien
oare namme(n) Atabaskyske talen
lokaasje westlik Noard-Amearika
tal talen 44
tal sprekkers ±214.000 (2010)
taalbesibskip
taalfamylje Dené-Jenisejaansk
  ● Na-Dené
    ● Ejak-Atapaskysk
      ● Atapaskyske talen
subgroepen Noardatapaskysk
Pasifysk-Atapaskysk
Súdatapaskysk
taalkoades
ISO 639-5 ath

De Atapaskyske talen of Atabaskyske talen foarmje in taalgroep fan 'e Na-Dené-talen, dêr't se fierwei it grutste part fan útmeitsje. Se wurde sprutsen troch in oansjenlik tal Yndiaanske folken yn Alaska, noardwestlik Kanada, it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten en by de Pasifyske kust fan Oregon en noardlik Kalifornje lâns. Yn 2010 waard besifere dat it totale taalgebiet fan 'e 44 Atapaskyske talen yn Noard-Amearika 4.022.000 km² bedraacht. Hoewol't de term 'Atapaskysk' noch altyd it meast brûkt wurdt yn 'e taalkunde en de antropology, bestiet der in groeiende trend om ynstee fan Dené-talen te sprekken.


Developed by StudentB