Bestraffing

In âlde skandepeal yn it Ingelske Chapeltown.

In bestraffing of straf is ûnoangename maatregel dy't troch in persoan of ynstânsje dy't dêrta it foech hat, oplein wurdt oan 'e dieder(s) fan ûnakseptabel hâlden en dragen. By sok ûnakseptabel hâlden en dragen kin men tinke oan 'e misdragings of oerhearrigens fan in bern dat net om it sizzen fan syn âlden jaan wol, mar likegoed oan it útfieren fan in misdriuw dêr't men (bewust of soms ûnbewust) de wet mei brekt. De bestrafte kin in minske wêze, mar ek in groep minsken of in bist. Yn oerdrachtlike sin sprekt men ek wol fan in 'straf' as in ûnoangenaam gefolch fan immens dieden dat net fan boppenôf oplein wurdt, 'fertsjinne' liket te wêzen.

Rjochtfeardigings foar it útdielen fan bestraffings binne û.m. ferjilding, it stellen fan in ôfskrikwekjend foarbyld, rehabilitaasje fan 'e dieder (d.w.s. derfoar soargje dat de dieder syn libben betteret) en ynkapasitaasje fan 'e dieder (d.w.s. derfoar soargje dat de dieder soks net wer dwaan kin, ornaris troch him/har fêst te setten). As in bestraffing útfierd wurdt troch immen dy't dêrta net it foech hat, is der gjin sprake fan ferjilding of ien fan 'e oare foarneamde rjochtfeardigings, mar fan wraak, as de dieder de bestraffer earder wat oandien hat, of oars fan klearebare boasaardichheid.

Foarbylden fan bestraffings fan oerhearrige bern binne it jaan fan in time-out (foarhinne waard soks 'yn 'e hoeke stean' neamd) of it ûnthâlden fan wat oangenaams, lykas iten (sûnder iten op bêd), of snobbersguod of boartersguod (benammen effektyf as oare bern dat wol krije of dêr wol mei boartsje meie). Foarhinne joech men stoute bern gewoan in draai om 'e earen of in wan bruien, mar soks wurdt tsjintwurdich wetlik ta bernemishanneling rekkene (hoewol't der eins in grut ferskil is tusken oerhearrige bern in pear klappen foar de kont jaan by wize fan bestraffing en it mei opsetsin en oanhâldend lichaamlik tenei kommen fan in bern dat neat misdien hat). Ek yn 'e sport ken men bestraffings, lykas tiidstraffen by iishokky en strafskoppen en giele en reade kaarten by fuotbal.

Foarbylden fan wetlike straffen binne boetes, wêrby't men ferplichte wurdt ta it beteljen fan in jildbedrach; wurkstraffen, wêrby't men foar in beskate tiid ferplichte wurden ta it ferrjochtsjen fan maatskiplik nuttich wurk; en finzenisstraffen, wêrby't men yn in finzenis fêstholden wurdt foar it útsitten fan in selstraf. Foarhinne kamen ek liifstraffen foar, wêrby't men lichaamlik tramtearre waard, bygelyks troch mei in swipe, stôk of gisel slein te wurden. Tsjintwurdich hâldt Saûdy-Araabje dêr noch oan fêst, dêr't jin bgl. foar dieverij in hân ôfslein wurdt.

Stêden en gruttere doarpen hiene foarhinne in skandepeal, dêr't dieders fan lichtere misdriuwen mei de holle en hannen yn fêstset waard om har te skande te meitsjen en bleat te stellen oan 'e ferhuning fan harren mei-boargers. Ek dat wie in soarte fan liifstraf. Foar swierdere misdriuwen krige men yn dy tiid al gau de deastraf, wêrby't men (faak publyklik) eksekutearre waard, bgl. troch ophinging of ûnthalzing. De deastraf komt ek tsjintwurdich noch wol foar, yn lannen as Saûdy-Araabje, Iraan, Sina en de Feriene Steaten. De stúdzje fan bestraffing foar misdragings, benammen as it giet om finzenisstraffen, hjit penology.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.



Developed by StudentB