Burbank | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 103.340 (2010) | |
Oerflak | 45,0 km² (ynkl. wetter) 44,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.295,9 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 185 m | |
Oar | ||
Stifting | 1887 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 34°10′49″N 118°19′42″W | |
Offisjele webside | ||
www.burbankca.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Burbank yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Burbank is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't yn 'e regio Súdlik Kalifornje leit, yn Los Angeles County, himelsbreed op in ôfstân fan 19 km benoarden de binnenstêd fan Los Angeles. De stêd falt útinoar yn twa dielen: it sintrum, dat op 'e heuvelskeanten yn it foarlân fan it Verdugoberchtme sitewearre is, en de bûtenwiken, dy't op it flakke lân fan 'e San Fernando-delling lizze. Burbank wurdt wol de 'mediahaadstêd fan 'e wrâld' neamd fanwegen alle grutte bedriuwen út 'e Amerikaanske film-, tillefyzje- en muzykyndustry dy't der har haadkantoar of oare wichtige fasiliteiten fêstige hawwe, lykas de Walt Disney Company, Warner Bros., NBC, Digital Playground en Nickelodeon. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie de stêd doe goed 100.000 ynwenners.