COVID-19 (ôfkoarting fan it Ingelske coronavirus disease 2019), yn de folskmûle better bekend as koroana of corona, is in ynfeksjesykte feroarsake troch it firus SARS-CoV-2. De sykte ûntstie yn Wuhan, haadstêd fan 'e Sineeske provinsje Hubei, yn 't lêst fan 2019, en ferspraat doe yn trije moannen nei oare dielen fan 'e wrâld. Fan 11 maart 2020 ôf is der sprake fan in offisjele wrâldwide pandemy. Der wurdt fanút gien dat de sykte in soönotyske oarsprong hat.
De wichtichste symptomen fan COVID-19 binne koarts, hoastjen, en koartamigens . Minder faak foarkommende symptomen binne: skiterij, abdominale pine, ferlies fan rookgefoel en smaak en wurgens . Diskusje bestiet oer blisterjen en winterske teannen.[1][2]
In part fan 'e ynfekteare persoanen hawwe milde as gjin symptomen. By persoanen mei in fermindere ymmúnsysteem, lykas âlderein en groanysk siken, kin de sykte lykwols resultearje yn slimme longûntstekking mei soms fatale útkomst. De oerdracht fan 'e sykte fynt foaral plak troch hoastjen en prústjen, wêrby't ynfektearre druppels ynhalearre wurde.
Sûnt jannewaris 2020 wurdt der nei in medisyn foar COVID-19 socht. Ek wurdt der oan in faksin tsjin SARS-CoV-2 wurke.