In cliffhanger (útspr.: ['klɪfhæŋǝɹ]) is in Ingelske term op it mêd fan 'e narratology by tillefyzje, film, literatuer en oare soksoarte saken. Dêrby wurdt in ôflevering, film, boek, ensfh. beëinige op it punt dat de haadpersoan yn in tige nuodlike sitewaasje ferkeart of foar in dreech dilemma komt te stean, of as der krekt in skokkende wierheid oan it ljocht kommen is. By film en tillefyzje sil it neikommende diel of de folgjende ôflevering dan yn 'e regel begûn wurde mei in rekapitulaasje fan it foargeande ("De lêste kear yn L.A. Law..."). It is de bedoeling om mei in cliffhanger it publyk yn spanning te hâlden sadat men de oare kears bewissige is fan hege sjoch- of ferkeapsifers. Soks kin lykwols ek misbeteare as de wachttiid te grut is of der tefolle gebrûk makke wurdt fan dit ynstrumint, sadat de sjoggers of lêzers yn frustraasje ôfheakje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |