Clint Eastwood | ||
akteur | ||
Clint Eastwood yn 2011. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Clinton Eastwood jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 31 maaie 1930 | |
berteplak | San Francisco (Kalifornje) | |
etnisiteit | Iersk Ingelsk Skotsk Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1955 – no | |
prizen | 4× Oscar 4× Golden Globe Gouden Eareliuw 2000 Gouden Earepalm 2009 | |
offisjele webside | ||
www.clinteastwood.net |
Clint Eastwood (folút: Clinton Eastwood jr.; San Francisco, 31 maaie 1930) is in Amerikaansk akteur, filmregisseur, filmprodusint, komponist fan filmmuzyk en earder politikus. Hy sette yn 1955 útein mei in aktearkarriêre, en briek yn 1959 troch mei de rol fan Rowdy Yates yn 'e westernsearje Rawhide. Neitiid spile er yn 'e 1960-er jierren yn ferneamde spagettywesterns as A Fistful of Dollars, For a Few Dollars More en The Good, the Bad and the Ugly, en yn 'e 1970-er en 1980-er jierren yn al like ferneamde plysjefilms as Dirty Harry, Magnum Force en The Dead Pool. Sokke rollen hawwe fan Eastwood in kultureel ikoan fan manlikheid makke. Hy spile ek yn 'e westernfilms The Outlaw Josey Wales, High Plains Drifter, Pale Rider en Unforgiven, de oarlochsfilm Where Eagles Dare, de psychologyske skriller Play Misty for Me, de aksjefilm In the Line of Fire, de skrillers Absolute Power en Blood Work, it romantysk drama The Bridges of Madison County, it sportdrama Million Dollar Baby en de dramafilm Gran Torino. Foar Unforgiven en Million Dollar Baby wûn Eastwood beide kearen sawol de Oscar foar bêste regisseur as dy foar bêste film. As eigner fan syn eigen filmstudio, Malpaso Productions, regissearre en produsearre er ek films dêr't er sels net yn spile, lykas it detektivedrama Mystic River, de oarlochsfilm Letters from Iwo Jima en de sportfilm Invictus. Fierders skreau er gauris sels de filmmuzyk foar syn produksjes. Njonken syn karriêre yn 'e filmyndustry wie Eastwood fan 1986 oant 1988 ek boargemaster fan syn wenplak Carmel-by-the-Sea.