Denver | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kolorado | |
County | Denver County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 634.265 (2012) | |
Oerflak | 401,3 km² (ynkl. wetter) 397,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.561 / km² | |
Stêdekloft | 2.599.504 (2011) | |
Hichte | 1.564 – 1.731 m | |
Oar | ||
Stifting | 1858 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Koördinaten | 39°44′21″N 104°59′05″W | |
Offisjele webside | ||
www.denvergov.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Denver (read) yn Denver County en de steat Kolorado. |
Denver (Arapaho: Niinéniiniicíihéhe’; Navaho: Kʼįįshzhíníńlį́; Jût (Ute): Tüapü) is sawol de grutste stêd as de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Kolorado. It leit yn 'e Delling fan 'e Súdlike Platte, fuort beëasten it plak dêr't de Cherry Creek yn 'e rivier de Súdlike Platte útmûnet, en 19 km fan 'e eastlike foet fan 'e Rocky Mountains ôf, op in hichte fan likernôch 1.600 m boppe seenivo. Sadwaande wurdt it ek wol The Mile-High City ("De Myl Hege Stêd") neamd. Denver is in konsolidearre stêd en county, dat Denver County en de stêd Denver binne ien en deselde. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Denver doe krapoan 634.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden derby, lykas Aurora en Boulder, komt it op in befolking fan likernôch 2,6 miljoen minsken út.