Doardt | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Súd-Hollân |
boargemaster | Wouter Kolff (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Doardt |
grutste plak | Doardt |
ynwennertal | 122.184 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 1.517 ynw./km² |
oerflak | 99,45 km² |
● wêrfan lân | 79,53 km² |
● wêrfan wetter | 19,92 km² |
ferkearsieren | A15 A16 N3 |
skiednis | |
oprjochte | 1220 |
oar | |
netnûmer | 078 |
postkoade | 3300-3329 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.dordrecht.nl |
Doardt[1] (Nederlânsk en offisjeel: Dordrecht; pleatslik: Dordt) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân, mei 122.184 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en mei in gebiet fan 99,45 km², wêrfan't 19,92 km² wetter is. Doardt is dêrmei de fyfde grutte stêd yn Súd-Hollân nei Rotterdam, De Haach, Zoetermeer en Leien. De gemeente beslacht it gânse Eilân fan Doardt en wurdt begrinzge troch de rivieren Alde Maas, Under-Merwede, Hollânsk Djip, en Doardter Kil. Doardt is de grutste en wichtichste stêd fan de stêdekloft fan de Drechtstêden en is part fan de Rânestêd. Doardt is de âldste stêd fan Hollân.