Dokumint

In dokumint is in samling gegevens fêstlein op in gegevensdrager[1]. Dat kin yn skriftlike foarm wêze op papier of digitaal, mar ek op bygelyks in mikrofiche.

Foarbylden fan dokuminten binne berte-akte’s, nota’s (bygelyks in nota romtlike oardering), sikehûsdossiers, beswierskriften, politike programs, en sels lochboeken, deiboeken, syllabus en reisferslaggen. Yn de earste beskavings waarden ek obelisken fan politike boadskippen foarsjoen.

Yn wittenskiplik ûndersyk waard in dokumint faak as ynformaasjeboarne neamd. Skaaimerk foar dysoarte ynformaasjeboarne is dat der troch de bank nommen gjin publike bestimming oan dizze samling gegevens sit.

It wurd dokumint wurdt ek brûkt om in bestân mei oan te tsjutten yn de burometafoar dy’t gebrûklik is by de grafyske brûkersynterface fan kompjûters. De grûnlizzer foar in klassifikaasjesysteem foar dokuminten is Paul Otlet.

It produsearjen fan de ynhâld fan in dokumint wurdt skriuwen neamd.

  1. Meer, K. van der (2002). Documentaire informatiesystemen. 4e wersjoene pr., Den Haach: Biblion.

Developed by StudentB