Eardske

In eardske, ierdman, ierdmantsje of eardman is yn it folksleauwe fan Fryslân en de rest fan 'e Lege Lannen in type mytysk wêzen dêr't it bestean sûnt de Midsiuwen yn folksferhalen fan oerlevere is. Sokke wêzens komme sterk oerien mei de goblins út 'e folkloare fan 'e Britske Eilannen en de kolbolden út it Dútske taalgebiet.

Eardsken soene tahâlde yn hoalen yn 'e grûn; dêrfandinne harren namme. Ornaris binne eardsken meunsterlike wêzens, hoewol't se beskreaun wurde mei ferskate en faak tsjinstelde lichemsskaaimerken en karaktertrekken. Lykwols binne se hast altyd lytser fan stal as minsken, grotesk fan uterlik, en fan karakter ûndogensk of planút kweadaardich. Ek binne se hast altyd ynklauwerich, benammen as it om goud of juwiellen giet. Fierders besitte se gauris it fermogen om betsjoenings op te lizzen.


Developed by StudentB