Earste Brief fan Klemins | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Κλήμεντος πρὸς Κορινθίους ("Klēmentos pros Korinthious") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 95 – 97 n.Kr. |
It Earste Brief fan Klemins, ek wol koartwei 1 Klemins neamd (eins: Klemins oan de Korintiërs; yn it oarspronklike Gryksk: Κλήμεντος πρὸς Κορινθίους, Klēmentos pros Korinthious), is in hjoed de dei algemien as apokryf beskôge tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel, dy't lykwols yn it iere kristendom soms ta de kanon rekkene waard. It is in anonym brief fan "de Tsjerke fan God dy't tahâldt yn Rome oan 'e Tsjerke fan God dy't tahâldt yn Korinte", dat gauris (mar net altyd) taskreaun wurdt oan 'e tsjerkfaar Klemins fan Rome, better bekend as paus Klemins I († 99). It wurdt almeast datearre yn 'e jierren 95-97, al tinke guon saakkundigen (dy't Klemins fan Rome net as skriuwer oanfurdzje) ek wol oan 'e iere twadde iuw. Der bestiet ek in Twadde Brief fan Klemins, mar dat is in geskrift út letter tiid, fan in oare auteur.
1 Klemins is in lang brief, dat in reäksje is fan 'e tsjerklike autoriteiten yn Rome op rebûlje binnen de kristlike gemeente yn it Grykske Korinte, dy't derta laat hie dat dêre ferskate foargongers út it amt set wiene. Mei't net ien fan harren beskuldige is fan morele fergripen, hâldt de skriuwer fan 1 Klemins út dat de maatregels tsjin harren eigenmachtich en net te rjochtfeardigjen binne. De lieders fan 'e Korintyske gemeente wurdt wiidweidich de mantel útfeegd, wêrby't de skriuwer net inkeld passaazjes út it Alde Testamint oanhellet, mar ek út 'e nijtestamintyske boeken Hannelingen, Romeinen, Galatiërs, Efeziërs, Filippiërs, Hebreeërs, Jakobus en 1 Petrus. It is opfallend dat de skriuwer nei it Alde Testamint ferwiisd as "de Skrift", mar de oanhelle nijtestamintyske teksten nea sa oantsjut.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |