Earwraak

Earwraak, of inkeld ek wol earmoard, is net sasear in soarte fan wraak, mar de meast ekstreme foarm fan ear-relatearre geweld, wêrby't immen fermoarde wurdt troch leden fan syn of har eigen famylje of gruttere maatskiplike groep (lykas in clan of in stamme), fanwegen de oertsjûging dat it slachtoffer mei syn of har hâlden en dragen op 'e iene of oare manear de famylje of maatskiplike groep ûnteare hat. It idee is dêrby dat de dea fan it slachtoffer de skande útwiskje kin dy't hy/sy oer de famylje of maatskiplik groep brocht hat, sadat de ferlern giene seedlike eare weromwûn wurde kin. Earwraak is in tradisjoneel brûkme, dat yn in ferskaat oan kultueren foarkomt, mar dat yn Nederlân benammen bekend is út Turkije (dêr't it sawol ûnder etnyske Turken as etnyske Koerden bestiet), Afganistan en Pakistan. Sadwaande libbet by it bredere publyk it idee dat earwraak eat is dat mei de islaam te krijen hat, mar dat is net wier; it is in kulturele tradysje, gjin religieus brûkme. It bewiis dêrfoar is dat it yn Yndia ûnder hindoes en sikhs likegoed foarkomt.

It giet by earwraak útslutend om it ferlies fan 'e seedlike eare, sa't allinne mar barre kin troch in fysike oantaasting dêrfan. Dêrby hoecht it slachtoffer fan earwraak gjin aktive rol spile te hawwen; by ferkrêfting, bygelyks, wurdt yn sokke maatskippijen net de dieder, mar it slachtoffer dêrop oansjoen, in ferskynsel dat bekend stiet as victim blaming. It beslút om earwraak út te fieren, wurdt inkeld nommen as der binnen it ramt fan it kultureel gedachteguod alhiel gjin oare oplossings mear binne, lykas om it ferkrêftingsslachtoffer trouwe te litten mei har ferkrêfter. Nimmen kin op eigen manneboet beslute om earwraak út te fieren; foar sa'n beslút is de hiele famylje of stamme nedich. Wol kin it barre dat immen, bygelyks in broer fan it slachtoffer, de earwraak útfiert sûnder oaren dêr yn 't foar yn te kennen, en dat syn die dan neitiid troch de famylje of de stamme billike wurdt.

De slachtoffers fan earwraak, dy't almeast froulik binne, mar soms ek manlik, wurde fermoarde om in ferskaat oan redens. Njonken it slachtoffer wurden te wêzen fan in ferkrêfting binne oare foarbylden: it wegerjen om yn te stimmen mei in twongen houlik of it útnaaien nei't sa'n houlik sletten is; it jin klaaien op in manear dy't troch de âldelju as net betamsum beskôge wurdt; it hawwen fan in relaasje dy't de âldelju net goedkarre; it hawwen fan geslachtsferkear bûten it houlik; en it oangean fan in homoseksuële relaasje. Yn in protte Westerske lannen binne der sûnt likernôch 2000 wetten oannommen dy't it mooglik meitsje om 'e dieders fan in moard ekstra swier te straffen as der earwraak yn 't spul is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Developed by StudentB