Eastsee | ||
geografy | ||
type wetter | binnensee / rânesee | |
lokaasje | tusken it Skandinavysk Skiereilânen it fêstelân fan Jeropa | |
lân | Ålâneilannen (autonoom) Denemark Dútslân Estlân Finlân Letlân Litouwen Poalen Ruslân Sweden | |
koördinaten | 58° N, 20° E | |
ûnderdiel fan | Atlantyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.601 km | |
maks. breedte | 193 km | |
oerflak | 377.000 km² | |
djiptegemiddelde | 55 m | |
djipste punt | 459 m | |
wetterfolume | 21.700 km³ | |
In satellytfoto fan de Eastsee |
De Eastsee (hieltyd faker foutyf de Baltyske See neamd, in anglisisme op basis Baltic Sea) is in see, dy't it Skandinavysk Skiereilân skiedt fan it fêstelân fan Jeropa. De Eastsee is brakker as de Noardsee en de tijferskillen binne lytser. De see bestjit sûnt it 6e milennium f.Kr. Wat de foarm oangiet docht de Eastsee wol wat tinken oan in haadrivier mei sydrivieren (de Finske Golf en de Botnyske Golf). Ut geologysk ûndersyk docht bliken dat hjir yn it Pleistoseen in rivier rûn hawwe moat: de Eridanos.