Ede | |
---|---|
Lângoed Hoekelum | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Gelderlân |
boargemaster | René van Hulst (CDA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Ede |
grutste plak | Ede |
ynwennertal | 123.441 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 377 / km² |
oerflak | 318,62 km² |
● wêrfan lân | 318,18 km² |
● wêrfan wetter | 0,44 km² |
tal doarpen | 10 |
ferkearsieren | A12 A30 N224 N304 N310 N781 N801 N804 Spoarline Amsterdam-Elten Spoarline Nijkerk-Ede-Wageningen |
skiednis | |
oprjochte | |
oar | |
netnûmer | 026, 0318, 0342 |
postkoade | 6710-6718, 6720-6721, 6730-6733, 6740-6741, 6744-6745, 6877 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.ede.nl |
Ede ( útspraak, Nedersaksysk: Ee) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, oan de westkant fan de Feluwe en yn de súdlike Gelderske Fallei. De gemeente hat 123.441 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en omfiemet likernôch 32.000 bunder en yn dat grûngebiet lizze, njonken it haadplak Ede de kearnen Bennekom, Deelen, Ederveen, Harskamp, Hoenderloo (foar in part), De Klomp, Lunteren, Wekerom en in stikmannich útbuorrens en buorskippen. De gemeente Ede wurket gear mei de gemeenten Rhenen, Wageningen, Veenendaal, Barneveld, Nijkerk, Skerpenseel en Renswoude yn it regionaal gearwurkingsferbân Regio Foodvalley.
Op 1 jannewaris 1812 waarden Bennekom, Lunteren en Otterlo fan Ede ôfspjalte en foarmje harren eigen gemeenten, dochs binne op 1 jannewaris 1818 fannijs gearfoege by Ede.