Elektoraat

It elektoraat is dàt diel fan 'e befolking fan in lân, territoarium of subnasjonaal gebiet dat by ferkiezings syn stim útbringe mei. Wa't dat rjocht hat, ferskilt per lân. Tsjintwurdich giet it faak (mar net altyd) om alle mearderjierrige ynwenners dy't de nasjonaliteit fan it oangeande lân hawwe. Yn Nederlân meie lykwols ek steatsboargers fan oare dielsteaten fan 'e Jeropeeske Uny by ferkiezings harren stim útbringe, ynsafier't se yn Nederlân wenje (yn oare lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny jildt itselde systeem). Oare lannen beheine harren elektoraat lykwols faak ta mar in diel fan 'e eigen steatsboargers, wêrby't beskate befolkingsgroepen útsletten wurde fan it rjocht om te stimmen op grûn fan harren geslacht, ras, maatskiplike klasse, religy of strafrjochtlik ferline.

Histoarysk mochten yn Nederlân, bygelyks, inkeld manlju stimme dy't in beskate mjitte oan belesting betellen. Yn 'e praktyk kaam dat systeem del op útsluting fan it elektoraat fan alle froulju, mar ek fan alle manlju dy't net ta de maatskiplike boppeklasse hearden. Mei de ynfiering fan it algemien manljuskiesrjocht yn 1917 waard it elektoraat útwreide ta alle manlju, mar pas yn 1919 mocht troch de ynfiering fan it algemien frouljuskiesrjocht de hiele mearderjierrige Nederlânske befolking by ferkiezings syn stim útbringe. Yn 'e Feriene Steaten waarden yn 'e njoggentjinde iuw net inkeld froulju, mar ek slaven fan it elektoraat útsletten, wat sjoen wurde kin as in útsluting op basis fan maatskiplike klasse, mar om't de slaven allegear swart wiene ek as in útsluting op basis fan ras. Tsjintwurdich is it yn in protte Amerikaanske steaten noch altyd sa dat lju dy't foar in swier misdriuw feroardiele wurde, harren kiesrjocht foargoed ferlieze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Developed by StudentB