Evangeelje fan Marije Magdalena | ||
In fragmint fan it Evangeelje fan Marije Magdalena (P. Oxyrhynchus L 3525). | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 120 – 180 n.Kr. |
It Evangeelje fan Marije Magdalena is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It iennichste oerlevere, yn it Koptysk skreaune manuskript waard yn 1896 ûntdutsen yn in papyruskodeks út 'e fyfde iuw, de Papyrus Berolinensis 8502, dy't yn 'e Egyptyske haadstêd Kaïro kocht waard troch de Dútske wittenskipper Karl Reinhardt. Njonken it Evangeelje fan Marije Magdalena befettet deselde papyruskodeks ek hânskriften fan it Geheime Boek fan Jehannes en de Wysheid fan Jezus Kristus en dêropta in ûnfolsleine ferzje fan 'e Hannelingen fan Petrus. Njonken de Papyrus Berolinensis 8502 binne fan it Evangeelje fan Marije Magdalena guon fersille papyrusfragminten bewarre bleaun.