Ewan McGregor

Ewan McGregor
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ewan Gordon McGregor
nasjonaliteit Britsk
Amerikaansk
berne 31 maart 1971
berteplak Perth (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
Dútsk
jierren aktyf 1993 – no
prizen Golden Globe 2018
Emmy Award 2021
Satellite Award 2002, 2021
offisjele webside
Ewan McGregor yn 'e IMDb

Ewan McGregor (útspr.: ['ju:ən mək'ɡrɛɡər], likernôch "-un mek-greg-gur"; folút: Ewan Gordon McGregor; Perth (Skotlân), 31 maart 1971) is in Skotsk akteur, sjonger, regisseur en dokumintêremakker mei in dûbele Britsk-Amerikaanske nasjonaliteit, dy't in protte súkses hân hat mei filmhûsfilms, mar ek mei grutte Hollywood-produksjes. Hy is it bekendst fan films as Trainspotting, Moulin Rouge! en de Star Wars-prequeltrilogy, wêryn't er de rol fan 'e (jonge) Obi-Wan Kenobi fertolke. Behalven op it wite doek is McGregor ek aktyf as toaniel- en musicalakteur en hat er ferskate populêre dokumintêresearjes makke oer de tochten dy't er ôflein hat op syn motorfyts. Hy hat foar syn wurk in Golden Globe, in Emmy en twa Satellite Awards wûn.


Developed by StudentB