Latynske Iepenbiering fan Ezra | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 90 – 96 n.Kr. (?) |
Ezra (Latyn) of de Latynske Iepenbiering fan Ezra is in joadsk religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dat troch alle joadske streamings en it grutste part fan it kristendom as apokryf beskôge wurdt. Dizze tekst is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske preester Ezra, en is skreaun om 'e Joaden te treasten yn in tiid fan grut fertriet (foar 't neist de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen yn it jier 70). Hoewol't Ezra (Latyn) yn syn folsleinens, sa't de titel al oanjout, inkeld yn it Latyn oerlevere is, en dy Latynske ferzje nei alle gedachten in oersetting út it Gryksk wie, is men fan tinken dat de tekst oarspronklik yn it Hebriuwsk skreaun wêze moat. It grutste part fan Ezra (Latyn) (de haadstikken 3-14) is ek oerlevere yn (hieltyd justjes faninoar ôfwikende) fertalings yn Syrysk, Arabysk, Ge'ez (de deade tsjerketaal fan Etioopje), Georgysk en Armeensk. De oarsprong is ûnmooglik noch werom te finen troch twa of mear lagen fan oersetting hinne, mar it liket derop dat oer it grutste part (h. 3-14) yn elts gefal mear as ien skriuwer gear west hat. Ezra (Latyn) wurdt yn 'e regel datearre oan 'e ein fan 'e earste iuw, mooglik yn 'e snuorje 90-96, al miene guon saakkundigen dat it fan folle letter datum is, miskien sels wol út 218.