United Kingdom of Great Britain and Northern Ireland | |
Folksliet: God Save the King "God bewarje de Kening" | |
Haadstêd | Londen |
Offisjele taal | Ingelsk |
Erkende streektaal | Skotsk |
Ulsterskotsk | |
Welsk | |
Kornysk | |
Skotsk-Gaelysk | |
Iersk | |
Steatsfoarm | Konstitúsjonele monargy |
- steatshaad | kening Charles III |
- regearlieder | Keir Starmer |
Unôfhinklikheid | 1707 |
Oerflak | 243.610 km² |
- wetter | 0,69% |
Ynwennertal | 65.648.100 (2016) |
Befolkingstichtens | 269,5 ynwenners/km² |
Muntienheid | Pûn sterling (GBP) |
Tiidsône | GMT (UTC) |
- simmertiid | BST (UTC+1) |
Ynternetdomein | .uk |
Telefoan | +44 |
ISO 3166 | GB, GBR, 826 |
It Feriene Keninkryk, folút it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân en yn de folksmûle faak Grut-Brittanje of Ingelân neamd, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de kening fan de monargy is sûnt 2022 Charles III.
De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen: Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De Kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat it Feriene Keninkryk noch fjirtjin oerseeske gebieten.