Feriene Steaten

United States of America (in)
Flagge fan de Feriene Steaten Wapen fan de Feriene Steaten
Biedwurd: In God We Trust
"Op God betrouwe wy"
Folksliet: The Star-Spangled Banner
"De banier fol mei stjerren"
Haadstêd Washington, D.C.
Offisjele taal Ingelsk1
Steatsfoarm Federaasje
- presidint Joe Biden
Unôfhinklikheid 1776
Oerflak 9.833.520 km²
- wetter 6,97%
Ynwennertal 328.239.523 (2019)
Befolkingstichtens 32,8 ynw./km²
Muntienheid Amerikaanske dollar (USD)
Nasjonale feestdei 4 july
Ynternetdomein .us, .gov, .mil, .edu
Telefoan +1
ISO 3166 US, USA, 840
1. It Ingelsk is de nasjonale taal yn de Feriene Steaten mar hat op federaal nivo net it steat fan offisjele taal.

De Feriene Steaten fan Amearika (FSA of yn 't koart FS, USA) is in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten. De haadstêd is Washington, D.C., de grutste stêd is New York City. De Feriene Steaten is nei Kanada en Ruslân de tredgrutste steat fan de wrâld wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei Sina en Yndia ek it tredgrutste lân fan de wrâld. It Ingelsk is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.

De skiednis fan de Feriene Steaten as lân begjint mei de trettjin kolony's dy't har yn 1776 ûnôfhinklik ferklearren fan Grut-Brittanje. Troch útwreiding fan it steatsgebiet nei it westen ta en in trochgeande ymmigraasje út Jeropa wei waard de Feriene Steaten yn de 19e iuw in lân fan betsjutting yn 'e wrâld. Yn 1945 wie de Feriene Steaten it earste lân op de wrâld mei in atoomwapen. De Feriene Steaten is permanint lid fan de FN feiligensried en is oprjochtingslid fan de NAFO. Nei de ein fan de Kâlde Kriich is de Feriene Steaten de iennichst oerbleaune supermacht. De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt 20 jannewaris 2021 Joseph R. Biden.


Developed by StudentB