Filips II (Valladolid, 21 maaie 1527 - Madrid, 13 septimber 1598) wie kening fan Spanje, Napels, Sisylje en (as Filips I) Portegal en Hear fan de Nederlannen, lykas hearsker fan it grutste koloniale ryk yn de 16e iuw. Hy spile in haadrol yn de koloniale ekspânsje en eksploitaasje fan it Spaanske Ryk en letter ek it Portegeeske ryk, yn de striid tsjin de islamityske Ottomanen en yn de Jeropese godstsjinsttwisten; ta dy twisten wurdt ek de Nederlânske Opstân rekkene, alhoewol't dêr ek oare motiven in rol yn spilen. Tegearre mei syn twadde frou Maria wie er, oant har dea, ûnder fjouwer jier ek kening fan Ingelân, yn de hope in katolike troanopfolger ferwekke te kinnen dy't hearskje soe oer De Nederlannen en oer Ingelân. Pas by syn fjirde en lêste frou koe er de winske manlike troanopfolger foar Spanje ferwekke. Under syn bewâld berikte Spanje it hichtepunt fan syn macht, mar Filips brocht syn lân ek yn in spiraal nei ûnderen troch ekonomyske útputting en kultureel ferfal. Nei syn dea rekke Spanje syn status kwyt as grutmacht.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Philip II of Spain fan Wikimedia Commons. |