Finsk

It Finske taalgebiet
*Pears: offisjele taal
*Grien: minderheidstaal

It Finsk (suomi) is in taal mei sa'n seis miljoen sprekkers. It is ien fan de twa offisjele talen fan Finlân, neist it Sweedsk, en wurdt dêr sprutsen troch omtrint 95% fan de befolking. Fierder binne der autochtone finsktaligen yn Kareelje en Ingermanlân, beide yn Ruslân, en yn Tornedalen, yn Sweden. Yn it Finsk hjit Tornedalen Tornionlaakso, en it Finsk dat dêr sprutsen wurdt hjit Meänkieli. Sûnt 1 april 2000 binne yn Sweden Meänkieli en standert-Finsk beide offisjeel erkend as minderheidstaal.


Developed by StudentB