Flipper

Haadrolspilers: Brian Kelly, Luke Halpin en Tommy Norden

Flipper is de namme fan in tal films en in telefyzjerige mei in dolfyn fan deselde namme yn de haadrol.

De earste film oer Flipper ferskynde yn 1963. De film wie in grut súkses en in jier letter waard der in telefyzjesearje op basearre. Flipper belibbet allerhanne avontueren mei Buddy (Tommy Norden) en Sandy (Luke Halpin), de soannen fan opsichter Porter Ricks (Brian Kelly) fan in betocht natuerreservaat yn Florida. (Hja rêde minsken en fange boeven en sa). De searje rûn fan 1964 oant 1968 en is noch faak werhelle. De rol fan Flipper waard fertolke troch sân ferskillende tûmelers, wêrfan Suzy en Cathy de bekendste wurden binne. Yn 1997 stoar de lêste fan des tûmelers dy't de rol van Flipper spile hie yn de orzjinele telefyzjerige. Dizze 'Flipper', Bebe, stoar mei 41 jier yn it see-akwarium fan Miami.

It súkses fan film en searje soarge for in soad belangstelling foar dolfinen. Ferskate dolfinaria waarden yn dy tiid stifte, ûnder oaren dy fan Hurderwyk (1965) en it Boudewijn Seapark yn Brugge.

Yn 1996 is noch in film oer Flipper ferskynd; in remake fan de oarspronklike film út 1963.


Developed by StudentB