Fort Yates (Noard-Dakota)

Fort Yates
It Sittende Bolle Monumint, bûten Fort Yates.
It Sittende Bolle Monumint, bûten Fort Yates.
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat   Noard-Dakota
County Sioux County
Sifers
Ynwennertal 191 (2012)
Oerflak 0,2 km² (ynkl. wetter)
0,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.184,1/ km²
Hichte 498 m
Oar
Stifting 1863
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Koördinaten 46°05′06″N
100°37′49″W
Kaart
It Sittende Bolle Monumint, bûten Fort Yates.
De lizzing fan Fort Yates yn Sioux County en
yn 'e steat Noard-Dakota.

Fort Yates (útspr.: [fɔɹt jeʦ], likernôch: "fort jeets"; Arikara: Iinakanítwi) is in stêd (formeel teminsten) oan 'e eastlike grins fan Sioux County, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota. It is sawol it haadplak fan Sioux County as fan it Standing Rock Yndianereservaat (Standing Rock Indian Reservation), dat him oer de grins útstrekt nei Súd-Dakota. Yn Fort Yates binne û.m. it haadkertier fan 'e Standing Rock Sû Stamme (Standing Rock Sioux Tribe) en it Standing Rock-agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige. Neffens in offisjele skatting út 2012 lei it ynwennertal fan Fort Yates doe op 191 minsken.


Developed by StudentB