Fryske Wetterliny

Lindefallei by De Blesse
Skâns fan Fryske Peallen
Kúnderskâns, Atlas van Loon 1649

De Fryske wetterliny is in line fan 16e en 17e-iuwske ferdigeningsskânsen en wetters, dy't dwers troch it súdeasten fan Fryslân oan De Lemmer ta rinne. Fan dy wetterliny wie it earste part de Linde mei byhearrende lannen (oant Aldeberkeap), it twadde diel wie de Tsjonger mei byhearrende lannen en de tredde rûn fan De Lemmer nei Aldskou. De Fryske Wetterliny stie yn ferbining mei de Grinzer Wetterliny, dy't oan Delfsyl ta rûn.

De skânsen binne bot fertuteaze. Lânskipsbehear Fryslân wol de stik of tsien skânsen opknappe. Yn 2007 waard yn Aldeberkeap de earste opknapte skâns iepene: de Bekhofskâns.[1][2]

  1. Rampjaar 1672
  2. Nederlands Dagblad De friese waterlinie moet weer zichtbaar worden

Developed by StudentB