GelreDome

GelreDome
  stadion
GelreDome yn 2014
GelreDome yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
plak Arnhim
algemiene ynformaasje
sporten Fuotbal
teams Vitesse
kapasiteit 21.248 (fuotbal)
41.000 (konserten)
type oerflak Gers,
105 x 68 meter
eigner Nedstede
bou
boubegjin 1996
iepening 25 maart 1998
boukosten om en de by € 95 miljoen
arsjitekt Alynia Architecten
kaart
GelreDome (Gelderlân)
GelreDome
Lokaasje fan it GelreDome yn Gelderlân

It GelreDome is in fuotbalstadion en poppoadium yn Eindhoven en it stadion fan fuotbalklub Vitesse. It waard yn 1998 boud as ferfanging fan it stadion Nieuw-Monnikenhuize.

It stadion tanket syn namme oan it eardere hartochdom Gelre. Sûnt 25 maart 1998 is it de thúsbasis fan fuotbalklup Vitesse. GelreDome wie ien fan de acht stadions by it Europeesk kampioenskip fuotbal 2000. Der waarden trije groepswedstriden spile. It stadion biedt ek plak oan eveneminten as popkonserten, kongressen en beurzen. De kapasiteit foar fuotbalwedstriden fan Vitesse is 21.248. By it yn gebrûk nimmen fan it stadion wie de kapasiteit 26.600. Dit waard noch fierder ferhege troch oan de west -, noard - en eastkant ûnderoan tribunes by te pleatsen om te foldwaan oan de easken fan de UEFA foar Euro 2000 (minimaal 30.000 plakken). In ekstra tribune ûnderoan de súdtribune wie net mooglik, om 't it fjild ûnder dizze tribune nei binnen en nei bûten skoot. De ekstra tribune ûnderoan de noardkant waard letter wer ôfbrutsen. By konserten mei it poadium foar ien fan de tribunes op de koarte side is romte foar 34.000 besikers. De maksimale kapasiteit is 41.000, wêrby't it poadium dan yn it midden fan de seal stiet.

By de iepening wie GelreDome ien fan de modernste stadions fan de wrâld wêrby 't it fan begjin ôf oan de bedoeling wie om eveneminten en konserten te húsfestjen. Eleminten dy 't hjir in wichtige rol yn spilen wiene it dak dat iepen en ticht kin, it fjild dat nei bûten skood en de mooglikheid om de hiele lokaasje te ferwaarmjen.

Njonken fuotbalwedstriden wurdt it stadion ek brûkt by popkonserten. De earsten dy 't optreden yn GelreDome wiene Spice Girls en de Backstreet Boys yn 1998. Dêrnei folgen ûnder mear U2, Madonna, Céline Dion, André Rieu, Tina Turner, Iron Maiden, KISS, The Rolling Stones, Supertramp en Prince.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL

Developed by StudentB