Germaanske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | fan oarsprong yn Noardwest- en Midden-Jeropa en Skandinaavje | |
tal talen | ±27 | |
tal sprekkers | >550 miljoen (2004) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk | |
subgroepen | ● Eastgermaansk † ● Noardgermaansk ● Westgermaansk | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | gem | |
ISO 639-6 | grmc |
De Germaanske talen foarmje in taalfamylje, besteande út sa'n 27 libbene en teminsten 12 útstoarne talen, dy't allegear fuortkommen binne út it Proto-Germaansk. Se meitsje ûnderdiel út fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje, en wurde fan âlds sprutsen yn Noardwest- en Midden-Jeropa en Skandinaavje. Troch migraasje en kolonisaasje hawwe ferskate talen út dizze groep (benammen it Ingelsk en it Nederlânsk, en yn mindere mjitte it Dútsk) har nei oare dielen fan 'e wrâld ferspraat. De Germaanske talen binne ûnder te ferdielen yn trije subgroepen: de Westgermaanske talen, de Noardgermaanske talen en de útstoarne Eastgermaanske talen. Se wurde tsjintwurdich wrâldwiid as memmetaal sprutsen troch mear as 550 miljoen minsken. De grutste Germaanske talen binne it Ingelsk en it Dútsk.