Haadstik

In haadstik is in ûnderdiel fan in boek (fiksje of non-fiksje) of in oar dokumint fan gruttere lingte, lykas in rapportaazje, in testamint of in dossier. It is opboud út in rige foarfallen dy't byinoar hearre of út in hoemannichte ynformaasje dy't mei-inoar te krijen hat. Op dy wize kin men in dúdlike en oersichtlike yndieling yn in langere tekst meitsje. Haadstikken wurde yn 'e regel nûmere en/of titele. Dêrtroch kin ek ferwiisd wurde nei in haadstik of in foarfal earne yn in haadstik sûnder dat men jin hoecht te ferlitten op 'e sidenûmering, dy't per printinge ommers ferskille kin. Yn fiksjeboeken einiget in haadstik gauris mei in cliffhanger, op in spannend momint yn it ferhaal. De bedoeling dêrfan is om 'e lêzer te ferlieden om fierder te lêzen. Yn fiksje dy't skreaun is yn it personele perspektyf, of ek wol yn it ik-perspektyf (as der ferskate ik-persoanen binne dy't it ferhaal fertelle), wurdt de oergong tusken haadstikken faak brûkt om fan eachpunt te wikseljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Developed by StudentB