Haggai (bibelboek)

Haggai
algemiene gegevens
oarspr. titel חגי ("Ḥagay")
auteur Haggai
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±520 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Sefanja
● folgjend diel Sacharja
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Haggai
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Haggai, yn it oarspronklike Hebriuwsk: חגי, Ḥagay, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Haggai in bibelboek op himsels, it 37ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).

It koarte, út mar twa haadstikken besteande boek Haggai omfettet de profesijen fan 'e profeet Haggai, oer wa't fierders net folle bekend is, al wurde hy en syn boadskip neamd yn Ezra 5:1 en 6:14. Syn namme komt fuort út 'e Hebriuwske woartel hgg, mei de betsjutting "op pylgertocht gean", wat miskien wat oer de man seit. It bibelboek dat nei him neamd is, is troch saakkundigen datearre om 520 f.Kr. hinne, wêrmei't it nei de ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip, yn 538 f.Kr., falt, mar foàr de weropbou fan 'e Timpel fan Jeruzalim. De earste folsleine Fryske oersetting fan Haggai stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.


Developed by StudentB