Hannelingen fan Paulus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±160 n.Kr. |
De Hannelingen fan Paulus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in yn it Gryksk steld pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dat yn 'e regel datearre wurdt om it jier 160 hinne. It beskriuwt Paulus syn sindingsreizen, mar dêrby ferlit de anonime skriuwer (neffens Tertullianus in preester út Lyts-Aazje) him net op 'e kanonike Hannelingen fan de Apostels, dy't grutdiels itselde ûnderwerp behannelje, mar op mûnling oerlevere tradysjes. Tegearre mei de Hannelingen fan Barnabas wurdt dizze tekst beskôge as wichtichste fan 'e apokrife Hannelingen.