Hannelingen fan Petrus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 150 – 200 n.Kr. |
De Hannelingen fan Petrus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel, dy't it sindingswurk fan 'e apostel Petrus beskriuwt. It is in oarspronklik yn it Gryksk steld geskrift, dat foar it meastepart inkeld oerlevere is yn in Latynske oersetting. Tradisjoneel waard it taskreaun oan Leusius Charinus, dy't troch de tsjerkfaar Epifanius fan Salamis identifisearre is as in selskipsman fan 'e apostel Jehannes, mar tsjintwurdich wurdt it yn 'e regel datearre yn 'e twadde helte fan 'e twadde iuw, wat yn prinsipe eltse tiidgenoat fan Jehannes as skriuwer útslút. Men is fan tinken dat de Hannelingen fan Petrus fierhinne basearre binne op 'e Hannelingen fan Jehannes. As plak fan oarsprong wurdt oan Lyts-Aazje tocht.
De Hannelingen fan Petrus binne fral opmerklik fanwegen de beskriuwing fan in wedstryd yn it ferrjochtsjen fan wûndertekens tusken Petrus en Simon de Tsjoender, en as ierst oerlevere boarne fan 'e leginde dat Petrus ûnderstboppest krusige waard. Dat lêste ferhaal is ek apart oerlevere, ûnder de titel it Martelderskip fan Petrus, yn trije Grykske manuskripten, yn hânskriften yn it Syrysk, Armeensk, Arabysk, Aldtsjerkeslavysk en Ge'ez (de deade tsjerketaal fan Etioopje) en yn in fragmintaryske Koptyske ferzje. Sadwaande wurdt inkeld wolris beweard dat it Martelderskip de oarspronklike tekst wie, dêr't de rest fan 'e Hannelingen letter oan tafoege is.