Hel

Besyk oan de Hel, fan 'e Meksikaanske keunstskilder Mauricio García Vega.
Dizze side giet oer de hel yn 'e sin fan it hjirneimels. Foar oare betsjuttings, sjoch: Hel (betsjuttingsside).

De hel is yn it ramt fan religy, mytology en folkloare de namme foar in foarm fan it hjirneimels dêr't de ferstoarnen bleatsteld wurde sille oan bestraffing en tramtearring. Sa'n plak komt yn in protte religyen foar, hoewol't der meastal in eigen namme foar bestiet, wylst mei 'hel' spesifyk nei de hel fan it kristendom en mooglik it joadendom en de islaam ferwiisd wurdt. Yn 'e measte tradysjes stiet de 'hel' ûnder it bewâld fan in god fan de dea, lykas Hades yn 'e Grykske mytology of Pluto yn 'e Romeinske mytology. Yn it kristendom, it joadendom en de islaam ferfollet de duvel, in fallene ingel, dy funksje.

De term 'hel' komt fan it Oergermaanske wurd *haljæ, dat "deaderyk" of "ûnderwrâld" betsjutte. Yn 'e Germaanske mytology wie Hel de keninginne fan 'e ûnderwrâld, dy't Niflheim, Helheim of Niflhel hiet. Dat wie in plak dêr't yn prinsipe alle ferstoarnen hinne giene, oft dy har by it libben no goed of tsjoed holden en droegen hiene. Inkeld dyjingen dy't útkard waarden troch oare goaden ûntkamen oan dit lot.

It idee dat de hel in foarm fan bestraffing is, ûntstie yn it Westen pas mei de abrahamityske religyen (joadendom, kristendom en islaam). Dêrby kaam men te leauwen dat der nei de dea in skieding oanbrocht wurde soe tusken lju dy't by har libben goed dien hiene en lju dy't kwea dien hiene. De goeddoggers giene dan nei de himel ta, mooglik nei't harren ferjoubere sûnden yn it faaiefjoer fuortbaarnd wiene, wylst de kweadoggers foar ivich yn 'e hel kamen. De ivichduorjendheid fan 'e ferballing fan kweadoggers nei de hel is karakteristyk foar religyen mei in lineêre skiednis, wylst religyen mei in syklyske skiednis dy't berêst op it konsept fan reynkarnaasje de hel almeast as in tydlik plak sjogge.

Net-abrahamityske tradysjes beskôgje it hjirneimels faak net as in plak fan beleanning of bestraffing, mar ienfâldichwei as in opfangplak foar de sielen fan 'e deaden. Dat wie bygelyks sa yn it Germaanske leauwe en ek yn 'e Grykske mytology, dêr't oan 'e ûnderwrâld Hades gjin konnotaasjes fan goed of tsjoed sieten oant dy der troch lettere, kristlike assosjaasjes oan tafoege waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.



Developed by StudentB