Helikopter

Testflecht fan de helikopter fan Pescara (Raúl Pateras-Pescara de Castelluccio). Fleanfjild fan Issy-les-Moulineaux, Parys, 1922
In LAPD Bell 206 Jetranger.
HH-43 Huskie.

In helikopter, wintelwjuk of hefskroeffleantúch is in fleantúch mei ien (of twa) grutte rotor(s) mei in fertikale as. De namme komt fan it Grykske helix/helik- (ἕλικ-) = 'spiraal' of 'draaiend' en pteron (πτερόν) = 'fleugel'. Helikopters hawwe fergelike mei fleantugen (mei útsûndering fan de Harrier, Yak-38 en de F-35B) it foardiel dat se fertikaal opstige en lanje kinne - sadat se gjin start- en lanningsbaan nedich hawwe -, yn de loft stil hingje kinne en sydwerts en efterút fleane kinne. Se wurde dêrom bygelyks in soad ynsetten by rêdingsaksjes. Dêrneist binne der ek militêre (ferfier fan troepen en materieel) en sivile (passagiersferfier oer koarte ôfstannen en fan en nei offshoreynstallaasjes en skippen) tapassings.

De alderearste helikopterflecht yn de wrâld wie dy fan 13 novimber 1907 yn Lisieux troch de Frânske fytsmakker Paul Cornu. Dy syn helikopter hie twa rotors, oandreaun troch in 24-pk-motor. Hy helle in hichte fan twa meter en fleach in lytse tweintich sekonden.


Developed by StudentB