Ilias

Ilias
De Fryske oersetting, yn 2004 útjûn troch Steven Sterk, Utjouwer (no Utjouwerij Bornmeer).
De Fryske oersetting, yn 2004 útjûn troch
Steven Sterk, Utjouwer (no Utjouwerij Bornmeer).
algemiene gegevens
oarspr. titel Ιλιάδα
auteur Homêros
taal Aldgryksk
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun ±850 f.Kr.
oersetting nei it Frysk
Fryske titel de Ilias
publikaasje 2004, Utert
útjouwer Steven Sterk, Utjouwer
oersetter Klaas Bruinsma
prizen oers. dr. Obe Postmapriis 2005
ISBN oers. 9 07 37 89 079

De Ilias, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ιλιάδα, Iliada, is in ier Gryksk epos dat taskreaun wurdt oan 'e grutte (en neffens de tradysje bline) skriuwer en dichter Homêros (of Homearus), dy't om 850 f.Kr. hinne libbe hawwe moat. Saakkundigen binne it der lykwols oer iens dat de Ilias en oare, soartgelikense dichterlike wurken wierskynlik earst lange tiid mûnling oerlevere en pas letter op skrift steld binne. Dat soe dus betsjutte dat Homêros inkeld in al besteand wurk delskreaun hat. Hoe dan ek, de Ilias bestiet út 15.693 yn daktylyske heksameters fêstleine dichtregels, dy't skreaun binne yn it saneamde Homearysk Gryksk, in literêre griemmank fan Ioanysk Gryksk en oare doetiidske dialekten.

It epos fertelt it ferhaal fan in deilisskip yn it kamp fan 'e Griken tusken Agamemnon, de kening fan Mysene, en de held Achilles, tsjin 'e eftergrûn fan it tsienjierrich belis troch in koälysje fan Grykske keningen fan 'e stêd Troaje, oan 'e noardwestkust fan Lyts-Aazje. De titel is ûntliend oan Ilion (Ἴλιον), de âlde Grykske namme foar Troaje. Hoewol't de Ilias mar in pear wike fan 'e belegering beljochtet, wurdt deryn ferwiisd nei withoefolle leginden oer en eardere foarfallen yn 'e Trojaanske Oarloch. De Ilias wurdt ornaris yn ien sike wei neamd mei de Odyssee, dat der min ofte mear in ferfolch op is. Beide hearre ta de âldste oerlevere wurken fan 'e Westerske literatuer. De Ilias is op withoefolle manear adaptearre ta oare media. Yn 2004 kaam der fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma in Fryske fertaling fan 'e Ilias út.


Developed by StudentB