Italyske talen

Italyske talen
algemien
lokaasje Italjaansk Skiereilân, mooglik Sisylje
tal talen ±6-9
tal sprekkers 0 (, útsein Romaanske talen)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Italysk
subgroepen ● ?Fenetyske talen
Latynsk-Faliskyske talen
● ?Lusitanysk
Oskysk-Umbryske talen
● ?Siselsk
taalkoades
ISO 639-5 itc

De Italyske talen binne in taalkloft út 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, wêrfan't de talen oarspronklik yn it earste milennium f.Kr. sprutsen waarden op it Italjaanske Skiereilân. De bekendste Italyske taal wie it Latyn, de offisjele taal fan it Romeinske Ryk, en teffens yn 'e Midsiuwen, de Renêssânse en de Ferljochting de taal fan 'e wittenskip. De oare Italyske talen stoaren op syn lêst yn 'e earste iuwen fan 'e Westerske jiertelling út, doe't se ferkrongen waarden troch it Latyn. De Romaanske talen, dy't fuortkomme út it Latyn, binne tsjintwurdich de iennichste Italyske talen dy't noch as memmetaal sprutsen wurde. Alle oarspronklike Italyske talen waarden skreaun yn Alditalyske skriften (of yn it dêrút fuortkommen Latynske alfabet), dy't fia it Etruskyske alfabet ôfstammen fan it Grykske alfabet.


Developed by StudentB