Jan-Erik Enestam

Jan-Erik Enestam yn 2005

Jan-Erik Enestam (Västanfjärd, 12 maart 1947) is in Finsk politikus fan de Sweedske Folkspartij. Hy hat in titel fan de Åbo Akademi universiteit yn Turku.

Enestam wie fan 1978 oant 1983 de boargemaster fan Västanfjärd en projektlieder by de Noardske Ried fan Ministers yn it tiidrek 1983 - 1991. Hy wie fan 1991 oant 2007 lid fan it Finske parlemint, de Eduskunta, en lid fan it regear tusken 1995 en 2006 mei ferskate funksjes (minister).

Hy wie de lieder fan de Sweedske Folks Partij tusken 1998 en 2006, dêr't er opfolge waard troch Stefan Wallin oan it begjin fan 2007.


Developed by StudentB