De Kalifornyske Goudkoarts wie in wichtige perioade yn 'e skiednis fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't draaide om 'e goudfjilden fan 'e Sierra Nevada en yn Noardlik Kalifornje. De goudkoarts duorre fan 1848 oant 1854, en berikte syn hichtepunt yn 1849. It late ta de kolonisaasje fan Kalifornje troch 300.000 goudsikers en it opnimmen fan it gebiet as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny. It late lykwols ek ta de diskriminaasje fan 'e Latino's en de útrûging fan in grut diel fan 'e Yndianen yn 'e gebieten dêr't goud fûn waard.