Kapelmaster

In kapelmaster is immen dy't de lieding hat by it útfieren fan muzyk. It is in lienfertaling fan it Italjaanske maestro di capella en it Dútske Kapellmeister. De term komt fan 'e hofkapel, dy't yn 'e Midsiuwen it sintrum fan alderlei muzikale aktiviteiten wie. Oarspronklik waard it amt fan kapelmaster dêrby benammen beklaaid troch komponisten, wêrby't it ornaris gie om lju fan adel of dy't ta de geastlikheid hearden. In oanstelling as kapelmaster wie in grutte eare foar sokke komponisten en in erkenning fan harren feardichheden.

Yn 'e njoggentjinde iuw ferskode de term 'kapelmaster' fan betsjutting. Yn 'e Dútsktalige lannen waard it in algemiene term foar diriginten, wylst it yn Nederlân fral begûn te ferwizen nei spesifike diriginten fan harmony- en fanfare-orkesten. Yn 'e kriichsmacht bestiet de rang fan kapelmaster foar de diriginten fan 'e Keninklike Militêre Kapel en de Loftmachtkapel. Militêre kapelmasters binne subalterne ofsieren fan lege rang.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Developed by StudentB