Kening Oidipoes

Kening Oidipoes
algemiene gegevens
oarspr. titel Οἰδίπους Τύραννος
auteur Sofoklês
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±430 f.Kr.
1e opfiering 429 f.Kr., Atene
rige
rige Tebaanske Trilogy
● folgjend diel Oidipoes yn Kolonos
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Oidipous: Treurspil
   fen Sophokles
publikaasje 1923, Snits
útjouwer Brandenburgh, Boschma & Co.
oersetter jhr. T.A.M.A. van Humalda
   van Eysinga

Kening Oidipoes, yn it oarspronklike Aldgryksk Οἰδίπους Τύραννος, Oidipous Tyrannos (ek wol bekend ûnder de Latynske titel Oedipus Rex), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde Tebaanske Trilogy (mei Antígoné en Oidipoes yn Kolonos). Dêrfan foarmet it it earste diel, al wie it it twadde dat skreaun waard. Kening Oidipoes fertelt it ferhaal fan Oidipoes, in man dy't kening fan Tebe wurdt en fan syn berte ôf foarbestimd is om syn heit te fermoardzjen en mei syn mem te trouwen.

Dit stik wurdt oer it algemien beskôge as it hichtepunt fan 'e Aldgrykske toanielkeunst. Iroanyskernôch behelle it lykwols mar it twadde plak yn 'e toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus, yn 429 f.Kr., doe't it foar it earst opfierd waard, wylst de stikken fan Sofoklês dêr oer it algemien de haadpriis yn 'e wacht sleepten. De earste Fryske oersetting fan Kening Oidipoes, fan jhr. mr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, ferskynde yn 1923. Yn 1993 waard oan Klaas Bruinsma foar syn oersetting fan Kening Oidipoes en twa oare stikken fan Sofoklês de Obe Postmapriis takend.


Developed by StudentB