Keninkryk Sisylje
Regnum Siciliae (Latynsk) | |
---|---|
1130–1816 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
it Keninkryk Sisylje yn 1154 | |
polityk | |
haadstêd | Palermo |
offisjele taal | Latyn, Gryksk |
steatsfoarm | feodale monargy |
ûntstien út | Greefskip Sisylje Hartochdom Apûlje en Kalaabrje |
opgien yn | Keninkryk fan de Twa Sisyljes |
no diel fan | Itaalje |
sifers | |
It keninkryk Sisylje wie in steat yn it suden fan it hjoeddeiske Itaalje.
De steat waard yn 1130 troch Rogier II fan Sisylje stifte en bestie oant 1816. Earder wie it it greefskip Sisylje, dat stifte wie yn 1071 nei de oermastering fan Súd-Itaalje troch de Normandjers. It keninkryk wie net beheid ta it eilân Sisylje, mar ek it suden fan Itaalje en Malta hearden by it keninkryk. It eilân sels wie ferdield yn de trije regio's Val di Mazara, Val Demone en Val di Noto.
Oant 1282 waard it keninkryk ek wol regnum Apuliae et Siciliae neamd. Yn dat jier soarge in rebelly, dy't bekend waard as de Sisyljaanske Fespers, foar de ôfsetting fan Karel fan Anjou, dy't oer Sisylje hearske. It hûs fan Anjou slagge der yn om de gebieten op it Italjaanske fêstelân te behâlden, dat lang om let it keninkryk Napels neamd waard, wylst it eilân in apart keninkryk waard ûnder de hearskippij fan in Katalaanske dynasty, dy't oer it keninkryk Aragon hearske.
Nei 1302 waard it eilân somtiden it keninkryk Trinacria neamd (trinacria besjut trijehoek). Fakentiden waard it keningskip takend oan in oare foarst lykas de kening fan Aragon, de kening fan Spanje of de keizer fan it Hillige Roomske Ryk.
Yn 1816 waard it keninkryk Sisylje gearfoege mei it keninkryk Napels yn it nije keninkryk fan de Twa Sisyljes. Troepen ûnder Giuseppe Garibaldi foelen yn 1861 it keninkryk oan en oermasteren it. Garibaldi droech it oer oan it Hûs fan Savoye om it mei oare steaten letter te ferienigjen yn it nije keninkryk Itaalje.